Merk naam

De Koalmasaak

Jan Schokker

€ 18,95
In voorraad

Plysjeroman út de searje Ale Alema

Merk naam

Haadresjersjeur Alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thús is mei iten en net mear op 'e hichte is fan wat der thús bart. Syn frou Els hat dêr op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan. Alema is folslein fan it sintrum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort. Hy hat in frjemde saak by de kop. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst Myn moardner erft my hiele besit, dûke hy en syn meiwurkster Wytske der djip yn, Alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan Koalma, Marte, wynt Alema handich om har mysterieuze finger en Wytske begrypt soms net mear wat se oan Alema hat. Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio Hearrenfean, is skreaun yn in noflike styl, mei in protte humor. De ein is tige ferrassend en it boek sit knap yn elkoar. www.alealema.nl Formaat 125x200 Aantal pagina's 178 Levertijd 2 werkdagen Auteur Jan Schokker Korte levensbeschrijving Yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fanôf syn fjouwerentweintichste is hy selsstannich mei in eigen standbouw- en beletterings- bedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en nei in tal toanielstikken, revu's, ferhalen, no it earste boek. Wenne jierren yn Langsweagen en sûnt 1989 yn Jonkerslân. Verschijningsdatum juli 2008 Specificaties Artikelnummer 978-90-8954-031-7 EAN nummer 9789089540317 Auteur Jan Schokker

eigenschap 1
Bijvoorbeeld kleur